Steateleden bûge har oer wynmûnen

03 des 2014 - 14:00

Steateleden bûge har woansdei yn in kommisjegearkomste oer de fraach wêr't yn Fryslân de wynmûnen komme te stean. De ôfspraak is dat yn de provinsje 530 megawatt oan wynenerzjy opwekt wurde moat. It Ryk en Deputearre Steaten sjogge it leafst ien grut park yn de Iselmar, mar Provinsjale Steaten wolle de mûnen op de Ofslútdyk. Wynmûnen op it lân is foar net ien in opsje.

Op 17 desimber sille de Steaten in definityf beslút nimme. Ferskate partijen sprutsen har woansdei út foar mûnen op de Ofslútdyk, lykas Friese Koers, D66 en CDA.

De PVV fynt dat ynvestearrings yn wynenerzjy ferspilling is, om't der neffens de partij nije techniken ûnderweis binne. De FNP spruts him út tsjin nije wynmûnen op it lân en wol mear ûndersyk nei wynmûnen op de Ofslútdyk. De SP pleitet foar doarpsmûnen. Dit plan wurdt stipe troch de ChristenUnie, dy't sa garandearje wol dat it jild yn de provinsje sels bliuwt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)