Fytster ferwûne by botsing yn Snits
In frou fan 20 út Heech is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in botsing yn Snits. Se waard op har fyts by de Zuidwesthoekwei oanriden troch in scooterrider. Dy hie har oer de holle sjoen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Ek de scooterrider rekke ferwûne, mar dy hoegde net nei it sikehûs.