Natuerklups: útstjit kwik moat minder

03 des 2014 - 11:27

De útstjit fan kwik moat nei ûnderen. Dat skriuwt in tal natuerorganisaasjes yn in brief oan steatssiktaris Mansveld fan Ynfrastruktuer en Miljeu. Under de natuerferienings is ek de Waadferiening. Dy wiist der op dat de konsintraasje kwik yn guon bistesoarten yn de Waadsee te heech is. Dat kin as gefolch hawwe dat de bisten dea gean, of har net mear fuortplantsje.

De steatssiktaris wurdt yn it brief frege maatregels te nimmen om de útstjit fan kwik te ferminderjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)