Werynrjochting mei 'Kansen in Kernen'

03 des 2014 - 09:37

It jild foar de werynrjochting fan de doarpen oan de Sintrale As is byelkoar. Hurdegaryp, Burgum, Garyp, Feanwâlden, Damwâld en De Falom ha mei inoar 23 miljoen te besteegjen en kinne no wurkje oan de nije ynrjochting. Troch de doarpen komme no alle dagen noch tsientuzenen auto's, mar dat is oars as de Sintrale As klear is.

De grutte diken kinne dan út de doarpen. Yn de Krúswei yn Damwâld is woansdeitemoarn it startskot jûn foar 'Kansen in Kernen'.

It jild foar it projekt is byelkoar brocht troch de provinsje en de gemeente Tytsjerksteradiel en Dantumadiel. Doel is om de leefberheid yn de doarpen oan te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)