Steatssekretaris Fred Teeven wol petear mei wurkgroep Riis

Fred Teeven © ANP
De wurkgroep Riis is troch steatssekretaris Fred Teeven útnoege foar in petear oer de plannen fan it COA yn harren doarp. De wurkgroep wie tiisdei nei it doarp Oranje yn Drinte ôfreizge om by in besite fan de steatssekretaris te wêzen. Hjir krigen de minsken fan de wurkgroep koart de mooglikheid om harren soarch oan de steatssekretaris dúdlik te meitsjen. Hy noege harren dêrop út om by him yn Den Haach del te kommen, of om sels in besite te bringen oan Riis.
De datum foar it petear is noch net bekend. Wol dat it op koarte termyn is.