Earste Fryske domeinnammen .frl online

02 des 2014 - 20:00

De earste Fryske punt-frl domeinnammen steane op ynternet. Deputearre Poepjes hat mei in druk op de knop de websiden fan de earste 30 bedriuwen en ynstellings aktivearre. Der is romte foar mear belangstellenden yn dizze earste omloop en der binne in soad gadingmakkers.

Oer in pear moanne kin eltsenien dy't it wol in .frl domeinnamme keapje. De kosten wurde rûsd op sa'n 40 euro yn it jier. Bedriuwen wolle de .frl benammen brûke as marketingynstrumint.

Trefwurden: 
webside .frl domeinnamme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)