Oerfal op tankstasjon yn Drachten; ien fertochte oanhâlden

In tankstasjon oan de Noarderdwersfeart yn Drachten is tiisdeitejûn oerfallen. Twa jonges kamen de saak yn en bedrigen de meiwurkster. Mooglik dat de jonges in mes by har hienen. De fertochten naaiden út mei jild en smokersguod.
Goed tsien minuten nei de oerfal koe ien fan de fertochten oanhâlden wurde. It giet om in jonge fan 16 jier út Drachten, hy hie in diel fan de bút by him. Nei de oare oerfaller wurdt noch socht.