Ferfiersferbod plomfee yn it Noarden foarby

02 des 2014 - 17:36

Plomfeehâlders yn Fryslân mei fan woansdeitenacht 0.00 oere ôf wer nije bisten nei harren lege stâlen bringe. Dat hat steatssekretaris Dijksma besletten. Se hat in oanpast pakket mei maatregels naam om de fûgelgryp te bestriden. It plomfee moat noch wol binnen bliuwe. Transportweinen meie ek de kommende tiid yn it hiele lân by eltse rit mar ien bedriuw oandwaan. Dêrnei moat alles ûntsmet wurde.

Yn it westen fan it lân, dêr't de measte besmettingen binne, bliuwt in ferfiersferbod fan krêft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)