Fryske artysten en Omroppers nimme liet op foar Voedselbank

Yn de studio fan Omrop Fryslân is tiisdei in liet opnaam foar de aksje 'Samen voor de Voedselbank'. It liet is skreaun en komponearre troch Wiebe Kaspers en Jan Tekstra. Ferskate Fryske artysten lykas Iris Kroes, Reinoud Ritsma en Jack Bottleneck sjonge mei. Ek goed tritich meiwurkers fan de Omrop binne te hearren.
It liet giet freed yn premjêre by Omrop Fryslân radio, televyzje en ynternet.