Delegaasje Wurkgroep Riis by petear mei Teeven yn Oranje

Steatssiktaris Teeven fan justytsje © ANP
In delegaasje fan de Wurkgroep Riis is tiisdeitemiddei yn it Drintse doarp Oranje by de besite fan steatssekretaris Fred Teeven fan Feilichheid en Justysje. Teeven lit him yn it doarp byprate oer de gong fan saken by de asylsikersopfang en praat mei bewenners. Hy docht dit op fersyk fan de SP.
De SP fynt de beslútfoarming oer de opfang fan 1400 asylsikers yn it doarp net goed. Teeven hat earder sein dat der saken mis gien binne by sawol it COA as by de gemeente. Yn Oranje wol de delegaasje út Riis de problemen út it eigen doarp oankaarte.