Doeksen hat lang om let in ried fan advys

Rederij Doeksen hat einliks in ried fan advys. Dit wie ien fan de ôfspraken dy't makke waarden doe it Ryk en Doeksen de EVT útkochten. De advysried bestiet út fertsjintwurdigers fan eilanner belangegroepen en jout advys by alle saken dy't de rederij, reizgers en eilânbewenners oangean.
De ried hie der ein juny al wêze moatten, mar it finen fan minsken wie in hiele toer. Op de earste fergadering opn22 desimber wurdt de ûnôfhinklike foarsitter bekend makke. De ried kin allinnich advisearje en hat fierder gjin foech.