Ynbrekkers slaan trije kear ta yn Ljouwert

02 des 2014 - 09:47

Ynbrekkers hawwe moandeitenacht trije kear taslein yn Ljouwert. Ut in hûs oan de Insulindestrjitte waard in laptop, kamera en jild meinaam. By in wenning oan de Auke Stellingwerfstrjitte namen dieven sieraden mei. Ek yn in hûs oan de Vredeman de Vriesstrjitte sloegen ynbrekkers har slach. Hjir is it lykwols noch ûnbekend wat der krekt meinaam is.

De plysje stelt yn alle trije saken in buertûndersyk yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)