Tsjerken fan Foudgum en Allingawier opknapt

02 des 2014 - 08:06

De Stichting Alde Fryske Tsjerken is úteinset mei de restauraasje fan de tsjerken fan Allingawier en Foudgum. Beide tsjerken krije in skilderbeurt. Fierder wurdt yn de tsjerke fan Foudgum benammen it ynterieur opknapt. Sa wurdt de houten flier fan de tsjerke oanpakt, lykas ferskate banken. Ek wurde de getten izeren ruten behannele.

Yn Allingawier lit de stichting ûnder oare it foechwurk fan de toer en fan de tsjerke opknappe. Ek it ophingsysteem fan de klokken wurdt renovearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)