Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân ynstalleare

01 des 2014 - 21:19

De gemeente Opsterlân hat wer in boargemaster. Ellen van Selm is moandeitejûn offisjeel ynstallearre. Van Selm sei yn har taspraak dat se Opsterlân sjocht as in krêftige plattelânsgemeente mei in soad potinsje. Se sjocht it as har taak de ynwenners safolle mooglik te belûken by it wurk. Sa wol Van Selm berikke dat minsken sjogge nei wat mooglik is. Se seit in optimitysk minsk te wêzen en wol soargje foar in posityf lûd. Ellen van Selm is fyftich jier en lid fan D66.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)