Undersikers fine fûgelgrypfirus by wylde einen

Buorkerij © Henk Bootsma
Undersikers hawwe it fûgelgrypfirus oantroffen by wylde einen. It giet om it type H5. It is noch ûndúdlik oft it om deselde N-fariant giet as it firus dat de ôfrûne wiken by fiif bedriuwen fêststeld waard. Wol is dúdlik wurden dat de besmettings mei fûgelgryp yn Hekendorp, Ter Aar en Kamperveen los faninoar plakfûnen. Dat hat steatssekretaris Sharon Dijksma moandei skreaun oan de Twadde Keamer.