Fernijde bibleteek Dokkum iepene

De fernijde bibleteek fan Dokkum is moandei offisjeel iepene troch de wethâlders Peterson fan Dantumadiel en De Graaf fan Dongerdiel. Oanlieding fan de ferbouwing is de gruttere taak dy't de Dokkumer bibleteek krijt. Op 12 desimber giet de byb fan Damwâld definityf ticht en lêzers moatte dan nei Dokkum of nei De Westereen. Twa jier lyn hawwe fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân in mienskiplike koers ôfpraat oer de bibleteken.
Kearn dêr by is: mear kwaliteit en tsjinstferliening, mar yn minder festigings.