Piet Adema wer waarnimmend boargemaster yn Drinte

01 des 2014 - 16:49

Ald-deputearre Piet Adema wurdt op 'e nij waarnimmend boargemaster yn Drinte. De Drachtster wurdt waarnimmer yn de gemeente Borger-Odoorn. Hy begjint op 22 desimber. De post is beskikber omdat boargemaster Marco Out fan Borger-Odoorn, boargemaster yn Assen wurdt.

Adema is no noch waarnimmend boargemaster fan de gemeente Tynaarlo. De 50-jierrige Adema, lanlik foarsitter fan de ChristenUnie, is de twadde Fryske âld-deputearre dy't tydlik as boargemaster yn Drinte wurket. VVD-er Ton Baas is op dit stuit waarnimmer yn Midden-Drenthe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)