Reade tried: Der moatte mear froulju by it leger

02 des 2014 - 06:00

Njoggen persint fan de militêren yn Nederlân is frou, sa docht bliken út de lêste sifers. Spitich, fynt de minister fan Definsje, Jeanine Hennis-Plasschaert. Want, sa seit se, in frou yn it leger hat ekstra wearde. It fakbûn AFMP fynt dat der wat barre moat. Positive aksje, bygelyks. Dus as in man en in frou deselde kapasiteiten hawwe, giet de frou foar. Hat dat doel? Of is der neat te dwaan oan de macho-kultuer en sil it leger altyd in manljuswrâld bliuwe? Wat fine jo? Moatte der mear froulju by it leger?

Jo kinne hjirûnder reageare of fia de mail: rt@omropfryslan.nl. Jo kinne ek meiprate fia Facebook of belje mei 058-7009777. Dan kinne jo in reaksje ynsprekke op it antwurdapparaat.

Trefwurden: 
Reade tried
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)