Man rêden út it wetter by Hoeksterein yn Ljouwert

01 des 2014 - 16:27

Omstanners hawwe moandeitemiddei yn Ljouwert in âldere man út it wetter helle. De man wie by it Hoeksterein troch noch ûnbekende oarsaak yn it wetter fallen. In frou seach dat en warskôge guon automobilisten. Dy wisten de drinkeling út it wetter te heljen. It slachtoffer is nei it sikehûs brocht.

Guon tsjûgen sizze dat de man dwaande wie mei in pream dy't gewoanwei foar rûnfearten brûkt wurdt.

Trefwurden: 
drinkeling
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)