Protestaksje tsjin proefboarrings nei gas yn Noardsee

01 des 2014 - 15:30

Ungerêste bewenners fan Skiermûntseach hâlde tiisdeitejûn in protestaksje tsjin de plannen foar proefboarrings nei gas yn de Noardsee. Gaz de France-Sues E&P Nederlân wol oan de noardkant fan it eilân, op 5 kilometer ôfstân, twa boarrings dwaan. Dat docht bliken út in brief fan it ministearje fan Ekonomyske Saken. Bewenners kinne oant 2 jannewaris beswier oantekenje.

De inisjatyfnimmers tinke dat bewust keazen is foar dizze perioade, om't der dan in soad fakânsje- en feestdagen binne.

Se binne benaud dat it eilân omsingele wurdt troch boarlokaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)