PvdA kiest ek foar wynpark op Ofslútdyk

01 des 2014 - 15:14

De PvdA yn de steaten kiest op 17 desimber foar wynmûnen op de Ofslútdyk. Neffens de partij moat it ryk útsykje oft it in helber alternatyf is foar in grut park yn de Iselmar. Ek moat der neffens de PvdA sjoen wurde nei de plannen op it lân. Sa as bygelyks de bou fan nije doarpsmûnen.

Mei dit stânpunt liket der in grutte mearderheid foar wynmûnen op de Ofslútdyk te wêzen. Dit wykein makke ek it CDA bekend foar dit plan te wêzen, lykas in grut part fan de opposysje.

Dêrmei litte sawol it CDA as de PvdA it offisjele kolleezjestânpunt los. It FNP is no noch de ienige koälysjepartij dy't de plannen foar in grut wynmûnepark yn de Iselmar stipet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)