Twa jier sel easke tsjin 'veelpleger'

01 des 2014 - 14:02

It Iepenbier Ministearje yn Ljouwert hat moandei yn heger berop twa jier sel, wêrfan acht moannen ûnder betingst, easke tsjin de man dy't fertocht wurdt fan oplichterij, bystânsfraude en it fertsjusterjen fan jild. De man soe him yn de perioade fan 2005 oant 2010 skuldich makke hawwe oan bystânsfraude, ûnder oare yn de gemeente Eaststellingwerf. Ek fertsjustere er grutte bedragen fan partikulieren, dy't klant wiene by syn bedriuw yn Emmen.

De fertochte liet syn klanten grutte lienings ôfslute, wêrnei't se nei har jild fluitsje koenen. De man soe sa al mei al foar in bedrach fan 350.000 euro fraudearre hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)