Pikefangbedriuwen en poeliers fernimme gefolgen fûgelgryp

Ek de pikefangbedriuwen en poeliers wurde troffen troch de krisis yn de plomfeesektor. Der binne yn Fryslân fjouwer pikefangbedriuwen. Dêr wurkje goed hûndert minsken. Sy witte no al dat se yn de moannen jannewaris en febrewaris gjin wurk ha, omdat de stallen dan leech binne. Dit komt omdat der gjin aaien útbret wurde en dus komme der gjin jonge piken.
Omdat der net mear jage wurde mei, fernimme ek de poeliers de gefolgen fan de fûgelgryp. LTO komt mei in plan om de sektor wer oan de gong te krijen.
It ministearje moat tastean dat de stallen yn ien kear fol setten wurden mei piken. Seis wike letter moatte se dan yn ien kear lege wurde. Dat bart no yn trije of fjouwer kear. Hjir wurdt mei de steatssekretaris oer praat.