Spandoek by yngong tydlik teater 'Wite Lawei' stellen

01 des 2014 - 10:33

It grutte spandoek dat by de yngong fan de tydlike Lawei yn Drachten hong, is sneintenacht stellen. Meiwurkers fan de Lawei ha gjin idee wa't der achter sit, mar hoopje dat it om in nijjiersstunt giet. Se wolle it doek graach werom ha. It spandoek fan goed 3 by 4 meter tsjinne as wolkom by de yngong fan de saneamde Wite Lawei.

Yn de tinte binne de ôfrûne tiid foarstellingen hâlden omdat de grutte seal fan it teater fanwege in ferbouwing noch net klear wie. Sneintemiddei wie it Frysk Sjongersgala de lêste foarstelling yn de tinte.

Moandei wurdt úteinset mei it ôfbrekken fan de tinte. Meiwurkers tochten earst dat dêrom it doek fuorthelle hie, mar nei ûndersyk die bliken dat tredden dermei oan de haal gien binne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)