Fryske kânshawwers foar Sporter fan it Jier

Rixt van der Horst © webside Rixt van der Horst
Hurdfytster Alyda Norbruis fan Oerterp en hynsterydster Rixt van der Horst fan Grou binne nominearre as Paralympyske topsporter fan it Jier. Beide binne oanwiisd troch sportkoepel NOC*NSF. Norbruis en Van der Horst gean de striid oan mei rolstoelbasketbalster Inge Huitzing en snowboardster Bibian Mentel.
Foar de titel Sportman fan it Jier binne ûnder oare turner Epke Zonderland en reedriders Jorrit Bergsma en Sven Kramer nominearre. By de froulju is reedrydster Ireen Wüst kânshawwer. Op it sportgala 16 desimber wurde de winners bekend makke.