Halbertsmaflat yn Kollum wurdt lang om let sloopt

01 des 2014 - 07:03

Lang om let giet de Halbertsmaflat yn Kollum tsjin de flakte. It appartemintekompleks stiet al sûnt 2005 op de nominaasje om sloopt te wurden, mar dat kaam der hieltyd mar net fan. De Halbertsmaflat stiet op in karakteristyk plak yn Kollum, lâns it wetter oan de râne fan it sintrum. Pleatslik Belang is dan ek bliid dat it leechsteande kompleks einlik sloopt wurdt.

De flat makket plak foar 17 apparteminten. Dy wurde sa boud dat minksen dêr sa lang mooglik selsstannich wenjen bliuwe kinne.

Trefwurden: 
Kollum sloop Halbertsmaflat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)