Minder fisken lûke lâns de Waadkust

01 des 2014 - 06:46

Der binne dit jier in soad minder fisken dy't lâns de Waadkust lûke as ferline jier. Dat docht bliken út ûndersyk op 17 lokaasjes lâns de kust tusken Den Helder en Nieuwe Statenzijl. Tsientallen frijwilligers ûndersykje alle jierren it oanbod.

Dit jier fongen de frijwilligers mar in lyts 100.000 fisken. Ferline jier wienen dat der noch 138.000. Doe wienen der benammen in soad glêsielen. Mar dy groei hat him dit jier dus net trochset, konkludearje de ûndersikers.

Trefwurden: 
fisk glêsiel Waadkust
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)