NOM en Doefonds Fryslân stypje Zonderland Groep

© Omrop Fryslân
De Zonderland Groep fan De Jouwer sil finansjele stipe krije fan de NOM en it Doefonds Fryslân om ynternasjonaal oan de dyk te timmerjen. It bedriuw produsearret laboumasines, dy't it oer de hiele wrâld eksportearret.
De kommende jierren wol de Zonderland Groep flink groeie op De Jouwer. Reden foar de NOM en it Doefonds Fryslân om dizze ambysje te stypjen.