Provinsje ferheget hierpriis fan Fryske lisplakken

Boatsjes oan wâl by Earnewâld
De provinsje sil de hierprizen fan lisplakken yn Fryslân flink ferheegje. Dat docht bliken út de grûnprizebrief, dy't de provinsje dit jier foar it earst iepenbier bekend makke. Hierders dy't no al in lisplak hawwe, krije de mooglikheid om it priisferskil yn tsien jier tiid te oerbrêgjen. Foar nije hierders jildt dizze regeling net, dy betelje fan no ôf it nije hegere taryf.
De nije prizen binne ta stân kaam op basis fan gebietstaksaasjes troch in ûnôfhinklik taksateur.