Webside medysk spesjalisten Sionsberg wer online

30 nov 2014 - 18:31

De webside fan de medysk spesjalisten fan sikehûs De Sionsberg stiet sûnt snein wer online. De spesjalisten binne op ynternet in aksje begûn om stipe te krijen foar harren plan om troch te gean mei it fallite sikehûs. Op www.mcsionsberg.nl lizze se út wat harren plannen binne. De site stie earder ek al online, mar waard offline helle. Neffens de spesjalisten moat der yn alle gefallen yn Dokkum sprake wêze fan earste help, moderne polykliniken, húsdokterbêden, revalidaasje en lytse operaasjes.

Ferline wike waard soarchgroep Pasana dêr't De Sionsberg ûnder falt, fallyt ferklearre.

Sjoch hjir foar de webside

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)