FVC rom ûnderút by Quick '20

FVC © Omrop Fryslân
FVC ferlear snein mei 5-0 by Quick '20. Yn Oldenzaal kamen de Ljouwerters nei in heal oere spyljen op efterstân. Fuort nei rêst wie it op 'e nij rekke foar de thúsploech en seach de ploech fan trainer Bert Hollander tsjin in 2-0 efterstân oan.
Mei de tredde Oldenzaalske treffer yn de 60e minút smiet Quick '20 de wedstriid definityf yn it slot en wie it ferset by de Ljouwerters brutsen. Seis minuten letter stie de 4-0 op it boerd. Yn it slot tekene de thúsploech foar de 5-0 en pakte dêrmei in romme oerwinning op de nûmer lêst FVC.