SC Frjentsjer wurdt sneonsferiening

30 nov 2014 - 15:48

Fuotbalferiening SC Frjentsjer wurdt in sneonsferiening. Dat meldt de klup op de eigen webside. It beslút waard naam nei oanlieding fan in ûndersyk ûnder spilers en staf. Dêr docht út bliken dat der net genôch animo mear is foar it sneinsfuotbal.

It bestjoer meldt dat it beslút foar emoasje soarget, om't SC Frjentsjer al sûnt 1926 op snein spilet. Op 4 desimber sille de leden fierder ynformearre wurde oer it beslút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)