SCO pakt romme oerwinning op SDO

De kuorballers fan SCO pakten sneontejûn in romme 29-19 oerwinning op SDO. Op eigen fjild begong de wedstriid lykop. By in stân fan 9-8 wist de ploech fan trainer Aegle Frieswijk út te rinnen nei in 13-9 foarsprong by rêst.
Yn de twadde helte wreiden de Aldeholtpeasters de marzje út nei 22-15, wêrnei't it ferset by de gasten út Kamerik brutsen wie. Mei in trochrinbal sette Marloes Frieswijk de einstân yn de slotminút op it boerd.