Gjin poadiumplak foar Postma yn wrâldbekerfinale

30 nov 2014 - 13:55

Finnsiler Pieter-Jan Postma is der snein net yn slagge in medalje te pakken yn de wrâldbekerfinale yn Abû Daby. Postma einige yn de ôfslutende medalrace as njoggende. Dêrmei einiget er op it sechsde plak yn it einklassemint. De Finnsiler fan Terkaple sakke sneon nei it sechsde plak en slagge der net mear yn it ferskil fan 6 punten op de Amerikaan Caleb Paine goed te meitsjen foar in poadiumplak.

Paine pakte it brûns, de Kroaat Ivan Kljakovic it sulver. It goud gong oertsjûgjend nei de Sloveen Vasilij Zbogar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)