Twa minsken trappearre op ferbean wapenbesit

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneon yn twa plakken minsken trappearre op it by harren hawwen fan in mes. Yn Ljouwert waard in 27-jierrige frou oanhâlden yn de Korfmakerstrjitte. Op 'e Lemmer rûn ek ien mei in mes om. Meiwurkers fan in útgeangelegenheid oan de Koartestreek seagen dat in 18-jierrige jongeman in stekwapen yn syn broeksbân hie. Se hâlden him oan en droegen him oer oan de plysje.
Tsjin de fertochten wurdt proses-ferbaal opmakke. De messen binne yn beslach naam.