Cambuur ferliest fan AZ

29 nov 2014 - 23:52

Cambuur hat sneontejûn de thúswedstriid tsjin AZ mei 2-0 ferlern. De Ljouwerters hienen it lestich tsjin AZ dat mei in 4-4-2 opstelling hiel kompakt spile. Oant de 39e minút krigen beide ploegen amper kânsen. Doe makke Calvin Mac-Intosh hands yn de 16 meter. Nemanja Gudelj skeat de takende penalty prima yn: 0-1.

Yn de twadde helte wie Cambuur dúdlik de mindere fan AZ. De Alkmaarders krigen in protte kânsen mar skoarden mar ien kear. Wer kaam it doelpunt op namme fan Gudelj. Cambuur bliuwt stean op 20 punten, no goed foar in achtste plak.

Trefwurden: 
fuotbal Ljouwert SC Cambuur
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)