Strânljip mooglik oer tritich jier ferdwûn út Fryslân

29 nov 2014 - 17:18

Vogelbescherming Nederland is skrokken fan de lêste fûgeltellingen fan SOVON. It giet foaral min mei de greidefûgels. De fûgelbeskerming warskôget dat de strânljip oer tritich jier ferdwûn wêze sil út it lân, lykas no de ljurk en de patrys. Mei de skries giet it ek min.

Neffens de fûgelbeskerming hawwe de greidefûgels it dreech troch yntensive lânbou, in te lege wetterstân en it brûken fan keunstdong. It part fan it gerslân dêr't wol rekken hâlden wurdt mei de fûgels, is mar 5% fan alle greide.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)