Harkemase Boys wint fan Flevo Boys

Harkemase Boys pakte sneon in 3-1 winst op Flevo Boys. Yn Emmeloord kamen de Harkiten nei 13 minuten op efterstân nei't Arton Musliu in oertreding yn de 16 meter makke en Flevo Boys de strafskop fersulvere. Nei in goed heal oere soarge Robin Huisman de Jong foar de lykmakker, wêrnei't Heine Uuldriks 3 minuten letter de 2-1 op it boerd sette.
Fuort nei rêst ferromme Johnsen Bacuna de marzje nei 3-1. In rêding fan keeper Jansema foarkaam de Emmeloordske oanslutingstreffer. Harkemase Boys einige de striid mei 10 man nei read foar Uuldriks.