Teloarstellend lykspul foar Drachtster Boys tsjin nûmer lêst

Drachtster Boys spile sneon teloarstellend mei 1-1 lyk tsjin de nûmer lêst WVF. Op it eigen fjild wienen Wouter Roosjen en Kevin Bakels ticht by de Drachtster iepeningstreffer. Yn de 39e minút wie it raak en sette Peter Jansen Klomp de 1-0 op it boerd.
Nei rêst krige Klomp nei in goed oere spyljen de bêste kâns op de 2-0, mar syn kopbal waard keard troch de latte. Yn stee fan in gruttere foarsprong foar de Boys wie it WVF dat in kertier foar de ein op 1-1 kaam. De gasten út Zwolle fersulveren in penalty nei in oertreding fan Iloba Achuna.