Dronken fytser mislediget plysjes yn Mitselwier
In 18-jierrige ynwenner fan Damwâld hat yn de nacht fan freed op sneon yn dronken tastân de plysje misledige. De man fytste by Mitselwier, doe't de plysjeminsken him oansprutsen. Dêrop misledige de man harren.
By syn arrestaasje fersette de jongeman ek noch. Nei syn oanhâlding is er nei it plysjeburo brocht.