Man oppakt foar deadsbedriging portier yn Ljouwert

29 nov 2014 - 11:35

Yn Ljouwert is man oanhâlden dy't in portier mei de dea bedrige hawwe soe. It giet om in man fan 30 jier út Minnertsgea. Hy soe yn de nacht fan tongersdei op freed in portier oan it Ruterskertier bedrige hawwe.

De portier hat oanjefte dien fan de deadsbedriging. De Minnertsgeaster is fêstset op it plysjeburo. Der is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)