Opkreaze doarpssintrum Tsjalbert iepene

29 nov 2014 - 11:22

It doarpssintrum fan Tsjalbert leit der wer kreas by. Mei help fan frijwilligers, de gemeente Hearrenfean, de provinsje Fryslân en Lânskipsbehear Fryslân is dêr in pleintsje makke mei iepenbier grien en in grut ynformaasjeboerd. Dêr stean kaarten op fan de omjouwing mei fyts- en kuierpaden. Op it boerd kinne doarpsbewenners ek meidielings dwaan of wichtige saken oanplakke.

Wethâlder Jelle Zoetendal hat it boerd en dêrmei it pleintsje sneon offisjeel yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)