Spesjalisten helje webside Sionsberg wer offline

29 nov 2014 - 09:15

De medysk spesjalisten fan De Sionsberg hawwe de webside mei harren plannen foar it sikehûs wer offline helle. Se fine it noch te betiid om de plannen no al nei bûten ta te bringen. Earder rôpen de spesjalisten op om stipe te jaan oan harren plannen.

De spesjalisten lizze harren net del by it fallisemint fan soarchgroep Pasana, dêr't it sikehûs ûnder falt. Neffens de spesjalisten moat der yn alle gefallen sprake wêze fan spoedeaskjende help, moderne polykliniken, húsdokterbêden, revalidaasje en lytse operaasjes.

De spesjalisten lizze harren plan nije wike foar oan soarchfersekerder De Friesland. Oan it petear mei de kuratoaren fan freed hawwe se in 'goed gefoel' oerhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)