Psy-Fi festival drok dwaande mei tariedings Ljouwert 2015

Tinten fan Psy-Fi gongers yn de Griene Stjer © Omrop Fryslân, Alle Faber
De organisaasje fan it Psy-Fi festival is al drok dwaande mei de tariedings foar de edysje fan takom jier yn de Griene Stjer yn Ljouwert. De kommende tiid wurde yn ûnder oare Goa, Kaapstêd, Rome, Bûdapest, Londen en Parys saneamde pre-party's hâlden om minsken yn de stimming te krijen. Foar de nije edysje wurde yn totaal sa'n 15.000 minsken ferwachte út santich lannen.
By de ôfrûne edysje kamen by de gemeente Ljouwert sa'n 150 klachten oer lûdsoerlêst binnen. Psy-Fi seit ta der alles oan te dwaan om dat no foar te kommen.
It festival is ein augustus.