Hurdrider op de N31 moat de sel yn

28 nov 2014 - 20:09
Foto: ANP XTRA

Op de N31 by Mullum is freed in 50-jierrige hurdrider út Bussum oan de kant set. Plysjeminsken yn in surveillânse-auto trapearren de man doe't hy 49 kilometer te hurd ried. Ut ûndersyk die bliken dat de man noch 20 dagen yn de sel sitte moast. Hy is fuortendaliks meinaam en sit no fêst.

Trefwurden: 
hurdrider selstraf N31 Mullum
(advertinsje)
(advertinsje)