Opmerklike oanjefte gerjochtshôf tsjin ministearje

It gerjochtshôf yn Ljouwert
It gerjochtshôf Arnhem-Ljouwert hat opmerklik genôch oanjefte dien tsjin it ministearje fan Finânsjes. Dat docht bliken út in brief dy't troch it nijsprogramma Nieuwsuur publisearre is. Neffens it hôf hat de oerheid twa amtners dy't tsjûge wiene yn in belestingsaak ûnder druk set om te swijen. De twa soene de namme fan in tipjouwer net neame meie, om't de saak dêrtroch skea oprinne soe. It hôf fynt dat de amtners de namme fan de tipjouwer wol iepenbier meitsje moatte.