Schippers: "Soarch Noardeast-Fryslân net yn gefaar"

Minister Edith Schippers fan Folkssûnens © ANP
De kontinuïteit fan de soarch yn Noardeast-Fryslân is net yn gefaar troch it fallisemint fan soarchgroep Pasana. Dat seit minister Edith Schippers yn in brief oan de Twadde Keamer. Schippers neamt it fallisemint wol in teloarstelling en hiel ferfelend foar it personiel en de pasjinten.
Neffens Schippers is it no oan de soarchfersekerders om te regeljen dat de pasjinten yn de regio goede soarch hâlde. De Nederlandse Zorgautoriteit sil hjir op lette.
Soarchfersekerder De Friesland lit witte dat de spoedsoarch genôch waarboarge is om't der genôch ambulânses binne. Dy fange it sluten fan de Akute Diagnose- en Opname-ôfdieling fan De Sionsberg op.