Ferneamde goudsiker Tony Beets wer efkes yn Fryslân

28 nov 2014 - 16:55

De wrâldferneamde goudsiker Tony Beets fan Burchwert is werom yn Fryslân. Hy is bekend fan it programma Gold Rush fan Discovery Channel. Goed 34 jier lyn ferhuze Beets mei syn frou Minnie nei Kanada. Se molken earst kij, mar al gau kamen se der achter dat goud mear jild opsmiet.

Yn it programma Gold Rush is Beets in haadrolspiler. En hy net allinnich, de hiele famylje wurket mei yn 'e goudmyn en dus ek yn it programma. Beets is no mei syn famylje werom yn Fryslân. Se bliuwe hjir in wike, dêrnei geane se fiif wiken mei fakânsje nei Spanje.

Yn jannewaris is it nije seisoen fan Gold Rush yn Nederlân op Discovery Channel te sjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)