Douwe Hoogland kriget keninklike ûnderskieding

Douwe Hoogland, foarsitter fan de Feriening Noardlike Fryske Wâlden, hat freed in keninklike ûnderskieding krigen foar syn ynset de ôfrûne jierren foar de organisaasje. Nei acht jier leit Hoogland syn bestjoerlike funksje del. Hoogland sil opfolge wurde troch Attje Meekma.
Hy krige it lintsje opspjelde by syn ôfskiedsfeest yn Burgum troch boargemaster Eric ter Keurs fan Tytsjerksteradiel.