Idesta iepenet mei Doarpshiem Stiens earste soarchlokaasje

28 nov 2014 - 16:19

Soarchlokaasje Doarpshiem yn Stiens is freed offisjeel iepene troch deputearre Kramer. Doarpshiem is de earste lokaasje fan de Idesta Soarchgroep. Dat is in nije ynstelling mei in oare organisaasje as dy fan Noorderbreedte, Palet of De Friese Wouden. By Idesta misse de bestjoerlike tuskenlagen, lykas managers, sjefs of haden fan tsjinst.

Der is in direkteur en der binne meiwurkers, dy't yn saneamde selfstjoerende teams wurkje en sels bepale hoe't se de tiid brûke. Dit smyt in soad jild op om mear ferpleechkundigen yn tsjinst te nimmen.

Stiens is it earste plak dêr't Idesta in lokaasje hat. Ynkoarten folget Hallum en komme der noch mear lokaasjes.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)